Organisaasjes hurdfytskriteariums bondelje de krêften

De organisaasjes fan de fjouwer kriteariums dy't dizze wike yn Nederlân binne, hawwe de krêften bondele om hurdfytsers nei harren eveneminten te lûken. It giet ûnder oare om de Profronde yn Surhústerfean. De managers fan bekende hurdfytsers, lykas Chris Froome en Bauke Mollema, freegje hieltyd hegere prizen en de profrondes hawwe mar in beheind budzjet. Dêrom hawwe se de hollen byinoar stutsen en mei-inoar in bod dien.
Net nij
"Dit is net nij", seit Andries Nieuwenhuis fan de Profronde yn Surhústerfean. "Der binne de ôfrûne jierren mear managers bykaam en dan is dit it gefolch. Mar je witte hoe't de hazzen rinne. En ik bin in Wâldpyk, dus jo ferblikke ien, twa, trije net."
Spesjaal
Nieuwenhuis fynt it noch altyd spesjaal dat de Tourwinner twa dagen nei syn winst op de Champs-Élysées troch de strjitten fan Surhústerfean rydt.