Stichting wiist besikers PC op gefaren fan alkohol en drugs

25 jul 2016 - 11:41
  • Alkoholkontrôle (argyffoto)

De stichting Responsible Young Drivers is nije wike tiisdei en woansdei yn Frjentsjer om besikers fan de PC nacht en de PC te wizen op de gefaren fan alkohol en drugs yn it ferkear. Meiwurkers fan de stichting diele ek alkohol- en drugstesten út oan feestgongers. Fierder sille se yn petear mei jongeren oer de risiko's fan dizze middelen yn it ferkear.

As út de testen dêrnei bliken docht dat de bestjoerders nochter binne, krije se in beleanning. De besite fan de stichting wurdt mei mooglik makke troch de gemeente Frjentsjerteradiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)