Ynbrekkers bedriigje frou mei fjoerwapen yn Kollum

25 jul 2016 - 10:19

Ynbrekkers hawwe sneintenacht in foarbygongster yn Kollum bedrige mei in fjoerwapen. De fertochten hienen ynbrutsen by in soarchsintrum oan de Tsjerk Hiddesstrjitte yn Kollum, mar waarden trappearre troch meiwurkers. Dêrop naaiden se út. Op de flecht kamen se de tsjûge tsjin en bedrigen se de frou.

De plysje hat mei in grut team nei de fertochten socht, mar se binne net mear fûn. It is noch net dúdlik oft de dieders ek wat stellen hawwe út it soarchsintrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)