Kollum: ''Gjin nijs, goed nijs''

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.
''Gewoanwei binne de simmermoannen altyd de perfekte perioade foar de komkommertiid. In tiid dat der hast gjin echt nijs is. Mar mei al dy oanslaggen de ôfrûne wiken ha de media har noch gjin momint ferfele hoecht. Kinst de telefyzje moarns net mear oansette of der is wol ien oft oare gek dy't op minsken sketten hat. Of mei in frachtwein in bloedbad oanrjochtet. Samar, sûnder reden. Simpelwei omdat se flink mei it bakje yn de war binne.
Mar der is hoop. Want gelokkich binne der noch plakken dêr’t it gewoan komkommertiid is. Ik ken in famke út Fryslân dat begjin dit jier nei Sambia ferhuze is. Dêr hat har man wurk krigen en dus reizge sy tegearre mei har soantsje efter him oan. Alle wiken hâldt se in blog by om ús hjir op 'e hichte te hâlden fan har libben dêr. De moaiste ferhalen komme foarby. Ofrûne wike hie se eins gjin nijs, skreau se. Want yn Sambia is it op dit stuit wol echt komkommertiid. Dêr is it sa kalm as it mar kin. Har konklúzje: gjin nijs is yn dizze wrâld ek wolris goed nijs.
En sa is it. Yn stee fan te eameljen oer it gebrek oan nijs yn de simmer soene wy ús hannen ticht knipe moatte dat der hjir yn Nederlân en Fryslân noch net ien of oare gek syn gewear leech sketten hat. Seker no’t de Gay Pride yn Amsterdam dit wykein los gong is, kin der elk momint it berjocht komme dat der in idioat is dy’t himsels opblaasd hat midden yn de Canal Parade. Már, sa moatte wy absolút net tinke, seit Gay Pride-direkteur Lucien Spee.
De ôfrûne wiken hat Spee faak om tafel sitten mei de Nasjonaal Koördinator Terrorismebestrijding en der lizze rampsenario's klear, jout er ta. Mar it is en bliuwt in feest fan de frijheid, dus elkenien moat gewoan nei Amsterdam komme, ropt er op. 'We laten ons niet weer de kast in duwen, dat is geen optie.’ En hy hat gelyk, mar ik tink dat der tagelyk in hiel soad minsken binne dy't sokke festivals en eveneminten dit jier mar efkes oerslaan. Gewoan út feilichheid, omdat se it risiko net rinne wolle.
Undertusken sette grutte merken as Albert Heijn en de HEMA just in stap de oare kant op. De Albert Heijn doopt har AH to Go’s de kommende dagen om ta AH to Gay’s. En de HEMA kaam ôfrûne wike mei prachtige T-shirts. De iene mei twa rookwoarsten foar de manlju, de oare mei twa tompoezen foar de froulju. De twa farianten wiene yn in poep en in skeet útferkocht. Hjirmei lieten ús beide bekendste winkelketens sjen dat se pal efter de homo-emansipaasje steane. En dat se net benaud binne foar represailles fan gekken.
Miskien moatte wy dat mei ús allen ek dwaan. Net fan dat benaude. BAM, hjir binne wy en wy litte ús net ôfskrikke. Dat wy in statement meitsje troch just nó mei syn allen nei Amsterdam te gean. En net allinnich wy gewoane boargers, mar ek de kening, keninginne en al ús ministers. Gjin skiterich gedoch, mar in boadskip oan al dy idioaten dy’t driigje mei in oanfal. Yn plak fan yn de ferdigening te sjitten, gean wy sels yn de oanfal.
Ik sjoch it al hielendal foar my. Willem-Alexander en Maxima beide in T-shirt oan mei rookwoarsten en tompoezen. Of, omdat dy sa rap útferkocht wiene, al ús ministers yn eigen farianten. Jeanine Hennis mei twa prommen op it boarst en Mark Rutte mei twa flinke griene komkommers. En dan mar hoopje dat dit komkommer shirt fan Mark it begjin wêze mei fan de komkommertiid. Want lykas yn Sambia is ek hjir yn Nederlân gjin nijs gewoan goed nijs.''