Hegere btw is deastek galeryen

30 apr 2012 - 20:46

De ferheging fan de btw fan 19% nei 21% kin wolris de genadeklap betsjutte foar in soad galeryen yn Fryslân. Dat tinkt Anita Terbeek fan galery Terbeek yn Beetstersweach. In mearderheid fan de Twadde Keamer stimt yn mei de ferheging, wylst de ferheging fan de btw op poadiumkeunsten krekt wer ynlutsen is.

Neffens Terbeek hawwe in soad galeryen it al dreech. Dat komt ûnder oare om't der minder minsken ferhûzje, no't de huzemerk op slot sit.

Terbeek sil har keunstners advisearje om de btw-ferheging net fuortendalik troch te berekkenjen, mar dat betsjut wol dat der minder jild binnenkomt.

Trefwurden: 
BTW galeryen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)