Skippersportret: Auke de Groot

Alve dagen, fjirtjin skûtsjes. Mei it SKS skûtsjesilen stride fjirtjin skûtsjeskippers twa wiken lang tsjin inoar op de Fryske marren. Mar oer wa hawwe wy it dan eins en hoe pakke sy de silerij oan? Wy lizze alle skûtsjeskippers in pear fragen foar. It wurd is hjoed oan Auke de Groot.
It skûtsjesilen sit yn it bloed by de famylje de Groot. Pake en heit de Groot wiene al foar him skipper op it skûtsje de Súdwesthoek. Dêrom is it ek net gek dat Auke de Groot al op syn fjirtjinde bemanningslid waard fan datselde skûtsje.
Wat wie dyn earste taak op it skûtsje?
‘’Doe’t ik fjirtjin wie kaam ik by ús heit oan board yn ‘e roef. Dat wiene bysûnder learsume jierren, om’t je dêr alles meikrigen fan wat der op it efterdek barde. Mar ek hokker besluten der naam waarden en wêrom.’’
Hokker wedstriid is dy it measte bybleaun?
‘’In pear jier lyn waarden wy yn Wâldsein wilens in ynhelwedstriid earste. Dat wie de earste kear dat wy earste waarden, salang as ik skipper bin. We sylden de hiele middei op de twadde pleats, efter Wâldsein. Mar yn de lêste rûte waarden wy earste.’’
Hoe makkest fan de bemanning in team?
‘’By de gearstalling en it sykjen nei in nij bemanningslid fyn ik it hiel wichtich dat de bemanningsleden mei-inoar opsjitte kinne. Dêrom wol ik nije bemanningsleden it leafst al wat kinne, om dat goed bepale te kinnen. In goeie sfear is ek hiel wichtich. Alles moat besprekber wêze en alles dat fan belang is moat ek besprutsen wurde. Om eventuele negative ûnderling sa gau as mooglik wei te nimmen.’’
Wat is dyn favorite fakânsjebestimming?
‘’Ik gean it leafste nei in wintersportbestimming. Skye is ien fan myn favorite sporten. Ik haw in hekel oan it strân fanwegen it sân en de waarmte. Wy geane regelmjittich mei freonen, wêrûnder ien fan de skoatenmannen fan it skûtsje, en harren húshâldingen nei Tsjechië, Dútslân of Eastenryk.’’
Sjoch foar alle skippersportretten yn ús dossier. Alles oer it skûtsjesilen is te folgjen op Omropfryslan.nl/skûtsjesilen.