Drokste keninginnedei Ljouwert

30 apr 2012 - 20:14

De aktiviteiten yn de binnenstêd fan Ljouwert hawwe mei keninginnedei 130.000 besikers lutsen. Dat hat de gemeente Ljouwert besifere. It soe dêrmei de drokste keninginnedei ea west hawwe. Foaral de frijmerk wie populêr. Net alle ferkeapers koene in plakje krije. De gemeente wol dêrom takom jier mear romte beskikber stelle.

Plakken dy't troch winkels hierd binne, wurde dan better oanjûn. No ûntstie dêr op guon plakken rûzje oer, omdat partikuliere ferkeapers fuortstjoerd waarden by winkels, wylst dat neffens har net goed oanjûn waard.

Yn de Doelestege en de Lytse Tsjerkestrjitte waard yn de rin fan de dei ienrjochtingsferkear foar fuotgongers ynsteld, omdat it oars te drok waard. It keninginnedeifeest yn Ljouwert waard ôfsletten mei it dûnsfeest Queensday Outdoor. Dat luts 10.000 besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)