Plysje pakt mooglike ynbrekkers op yn Stiens

24 jul 2016 - 12:38

De plysje hat sneontejûn op de Linebeamleane yn Stiens twa manlju út Ljouwert fan 33 en 36 jier oanholden. By de plysje wie in melding binnenkaam dat der in ûnbekende auto yn de Lotusstrjitte sjoen wie en dat ien fan de ynsittenden by de foardoar fan in wenning seach. De bewenners wiene net thús, wist de tsjûge.

Plysjeminsken seagen dat de auto by in wenning oan de Ikeleane fuortried. De ynsittenden binne kontrolearre. Yn de auto fûn de plysje oantekeningen mei dêryn meardere adressen.

De beide manlju binne meinaam nei it buro foar fierder ûndersyk. De plysje tinkt dat se dwaande wienen mei it tarieden fan ynbraken.

Trefwurden: 
Stiens fertochte auto ynbraak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)