Fytser (80) rekket ferwûne by oanriding yn Ychten

24 jul 2016 - 11:10

In 80-jierrige fytser is sneintemoarn ferwûne rekke by in oanriding op de Haadwei yn Ychten. It slachtoffer woe by de tsjerke de dyk oerstekke en waard doe oantikke troch in auto. De man foel en rekke ferwûne oan syn holle.

Omstanners hawwe earste help ferliend. De fytser is dêrnei mei in ambulânse nei sikehûs de Tjongerschans op It Hearrenfean brocht.

Trefwurden: 
oanriding fytser Ychten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)