Gemeente Flylân: "Kom net op oefenterrein De Vliehors"

24 jul 2016 - 10:03
  • It oefenterrein fan definsje op de Vliehors op Flylân

De gemeente Flylân warskôget op syn webside foar de gefaren en wiist minsken op de regels fan it militêr oefenterrein De Vliehors. Neffens de gemeente komt it de lêste tiid geregeld foar dat minsken de warskôgingsbuorden mei reade flaggen by De Vliehors negearje en it oefenterrein opride.

Dat is net allinnich ferbean, skriuwt de gemeente, mar ek gefaarlik. Yn guon gefallen wurdt der mei in laser op doelen skynd. En ek al binne fleantugen op gruttere hichte, dan komme der noch wol projektilen nei ûnderen, warskôget de gemeente fierder.

Ek jûns is De Vliehors aktyf mei sjitoefeningen. Allinnich yn it wykein is it terrein tagonklik foar it publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)