Op 'e nij soad nêsten fan de ikeprosesjerûp yn gemeente DFM

24 jul 2016 - 08:53

Omdat der op 'e nij in soad nêsten fan de ikeprosesjerûp fûn binne yn De Fryske Marren, komt de gemeente ein augustus wer yn aksje. Dan wurde de nêsten - lykas earder - wer fuorthelle. Dat wurdt dien troch in spesjalisearre bedriuw.

De nêsten sitte ûnder oaren yn beammen yn Langwar, Aldehaske, Sint-Nyk, Skarsterbrêge en op De Jouwer. De gemeente ûndersiket op it stuit hoe't der mei in blommemingsel mear natuerlike fijannen fan de ikeprosesjerûp komme kinne. Troch blommen as piipkrûd te siedzjen, moatte der mear ynsekten komme.

Nêstkasten

Dêrneist wol de gemeente nêstkasten ophingje foar de blokfink, dy't de rûpen opfret. De Fryske Marren konsintrearret him earst op de Langwarderdyk yn Jiskenhuzen en op de Legemarsterwei yn Legemar, omdat dêr in hiel soad beammen mei nêsten oantroffen binne.

Brânhierren

De ikeprosesjerûp hat saneamde brânhierren. As je dêrmei yn kontakt komme, kinne klachten ûntstean lykas jokte, hûdútslach of yrritaasje oan de eagen of luchtwegen. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)