Achtkarspelen hâldt enkête oer sluting konsultaasjeburo's

Ynformaasje oer sûn ite mei jonge bern
Achtkarspelen hâldt in enkête ûnder de ynwenners oer it tal konsultaasjeburo's yn de gemeente. Meikoarten beslút de gemeente hoefolle konsultaasjeburo's ticht gean en hokker lokaasjes dat dan binne. Achthûndert âlden binne frege om mei te dwaan oan de enkête.
Dy kin oant 1 septimber ynfolle wurde. Achtkarspelen wol jild besparje mei it sluten fan it tal konsultaasjeburo's. De gemeente wol fan de ynwenners witte wat sy hjirfan fine.