Stroomsteuring yn omjouwing Holwert en Lichtaard

24 jul 2016 - 07:50

Yn de omjouwing fan Lichtaard en Holwert sieten 45 húshâldens sneintemoarn in skoft sûnder stroom. Netbehearder Liander hat monteurs stjoerd om it probleem op te lossen. Tsjin 7.30 oere hienen 39 huzen wer stroom. Foar de oare huzen hat Liander in aggregaat ynsetten.

Tsjin 11.30 oere wienen de problemen ferholpen. Hoe't de steuring ûntstean is, wit de netbehearder noch net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)