Fierljepper Nard Brandsma oppermachtich yn Drylts

23 jul 2016 - 22:19
  • Nard Brandsma

Nard Brandsma wie sneontejûn de grutte man fan it fierljeppen yn Drylts. Hy ljepte as iennige topklasser twa kear oer de tweintich meter: 20.57 en 20.84. Yn de twa finalesprongen besocht de lieder fan it klassemint foar it earst oer de 21 meter te ljeppen, mar dat slagge net.
Foar it oare wie it in suterige ljepperij. Boppedat hiene in tal ljeppers in frij wykein nommen. Akke Talsma wûn mei 14.86 by de froulju en Bobby Zwaagman mei 17.98 by de junioaren. Wietse Nauta wie de bêste by de jonges mei 17.93, Sigrid Bokma wûn by de famkes mei 14.47.

By de topklassers waard Oane Galama twadde mei 19.28. Tirza Boschma krige de hannen opelkoar troch by de famkes op har thúsbarte twa kear in pr te ljeppen. Har fierste ôfstân is no 14.05. Ek Sander Elsinga wie bliid mei syn pr fan 16.16 by de jonges.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)