Ekstra riedsgearkomste oer kolleezjefoarming Achtkarspelen

23 jul 2016 - 21:54
  • Riedsgearkomste yn Bûtenpost

De ried fan Achtkarspelen hâldt moandeitejûn in ekstra riedsgearkomste om te ûnderhanneljen oer de kolleezjefoarming yn de gemeente. By de fergadering wurdt praten oer de nij te foarmjen koälysje. 14 july lêstlyn waard it fertrouwen yn alle trije wethâlders opsein. In mearderheid fan alve riedsleden stimde by dy riedsgearkomste foar in moasje fan wantrouwen, dy't troch de PvdA yntsjinne wie. Wethâlders Van der Veen (FNP), Postma (PvdA) en De Haan (GBA) akseptearren de moasje.

Boargemaster Gerbrandy rôp de ried op gau útein te setten mei de ûnderhannelingen om ta in nije koälysje te kommen. De FNP, de grutste partij yn Achtkarspelen, nimt it inisjatyf yn de gesprekken.

Belangstellenden binne moandei fan 19:30 oere ôf wolkom op it gemeentehûs om oanwêzich te wêzen by de ekstra riedsgearkomste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)