SC Hearrenfean wint oefenduel fan Genclerbirligi

SC Hearrenfean hat sneontejûn de oefenwedstriid tsjin it Turkse Genclerbirligi út Ankara wûn. Yn Langsweagen waard it 1-0 foar de Friezen. Hearrenfean hie it inisjatyf yn de earste helte, mar koe dit oerwicht net omsette yn in doelpunt. Yn de 55e minút miste Sam Larsson in strafskop. Tsien minuten letter wie it dochs raak: Larsson skoarde de 1-0 nei in moaie kombinaasje mei Reza.
De lêste 20 minuten kaam Genclerbirligi noch in tal kear gefaarlik foar it doel, mar Jeremiah St. Juste en Kenneth Otigba foarkamen de lykmakker.
Opstelling: Mulder (45. Van der Steen), Marzo, St. Juste, Bijker (61. Otigba), Cavlan (88. Huizing), Namli, Thorsby (70. Thern), Van Amersfoort, Slagveer (70. Zenelli), Reza (78. Veerman) en Larsson