Sytse Yde (11) folbringt Fjouwerdaagse Nijmegen

23 jul 2016 - 19:02

It is de alve-jierrige Sytse Yde Gielstra út Jobbegea slagge om de Fjouwerdaagse fan Nijmegen te folbringen. Fjouwer dagen lang hat er alle dagen in ôfstân fan tritich kilometer rûn.

Freedtemiddei kaam de sportiveling sûnder problemen oer de finish op de Via Gladiolia. Hy is hjirmei ien fan de jongste dielnimmers dy't de tocht útrûn hat. Sytse Yde wie ien fan de 100 bern dy't fanwege it 100-jierrich bestean fan de kuiertocht útnûge waard om mei te dwaan. 

Mei de tocht hat de jonge kuierder jild ophelle foar Right to Play, dat him ynset foar bern yn Afrika.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)