FIDEO: Konkoers hippyk yn Garyp

23 jul 2016 - 18:41
  • It hynder Jan fan 'e Huchten fan Rindert Algra, mei as rider Gaatze Bosma, hat de earste priis wûn op it konkoers hippyk yn Garyp

It hynder Jan fan 'e Huchten fan Rindert Algra út Drachtsterkompenije, mei as rider Gaatze Bosma, hat sneon de earste priis wûn op it konkoers hippyk yn Garyp. De twadde priis yn de kategory 'Frysk ras túchhynder eareklasse regionaal' gie nei Filou S.B. fan eigeners Minkema en Schröder fan Fryske Peallen mei as rider Sybren Minkema. Tred waard Feitse G.L. fan Schotanus en Agricola fan Sleat mei as rider Leslie Agricola.

Mear as 3.000 besikers kamen sneon ôf op it konkoers hippyk yn Garyp. De organisaasje is wiis mei de opkomst en it ferrin fan it wykein, al fine se it wol spitich dat der dit jier gjin Nederlânsk kampioenskip yn Garyp ferriden wurde koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)