Provinsje: Oan hokker easken moat nije kommissaris foldwaan?

23 jul 2016 - 18:06
  • Kommissaris fan de Kening John Jorritsma

De provinsje Fryslân is op syk nei in nije kommissaris fan de Kening. Mar wat foar eigenskippen moat in goeie kommissaris fan de Kening no ha? De provinsje wol dit graach fanút de befolking hearre en is derom úteinset mei in enkête. Minsken kinne online har easken en winsken trochjaan.

Yn winkelsintrum De Wiken yn Drachten hiene minsken net altyd in goed idee wat foar easken der steld wurde moatte oan in nije kommissaris fan de Kening fan Fryslân. Ien fûn dat de nije kommissaris him goed sjen litte moat en in oar hopet dat de nije kommissaris hurd en krekt wurkje sil. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)