FIDEO: Ronkende motoaren by NK dragrace Drachten

23 jul 2016 - 17:29

Yn Drachten is dit wykein it Nederlânsk kampioenskip dragracen op de Airstrip. By in dragrace is it de bedoeling dat de dielnimmers sa gau mooglik 402 meter, in kwart myl, race. En dat bart op motoaren en yn auto's yn allegearre soarten en maten.

Foar it earst sûnt fjouwer jier mei de organisaasje it wer in NK neame en dêr binne se wiis mei. It hat dêrtroch mear prestiizje en soarget foar mear dielnimmers en ynternasjonaal oansjen, sa tinkt de organisaasje.

Friezen binne op dit NK ek fertsjinwurdige. Yn de jeudklasse-race dienen Cheyenne Visser (8) yn in race-autoke en Wichard Veldman (8) op in miny-motor mei. En dy helje noch behoarlike snelheden. "Ik kin wol 125 kilometer helje", fertelt Wichard. By de folwoeksenen lizze de snelheden noch in stik heger. Dy helje op de 402 meter in topsnelheid fan 310 km.

Trefwurden: 
dragraces Drachten airstrip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)