Gratis bussen tige populêr

30 apr 2012 - 18:04

Ynwenners fan Fryslân meitsje op keninginnedei manmachtich gebrûk fan fergees reizgjen mei de bussen fan Connexxion en Qbuzz. Op guon plakken moasten sels ekstra bussen ynset wurde, omdat it wachtsjen te lang duorre. De measte minsken woene nei Ljouwert of Grins.

Hoefolle minsken oft yn de bus stapt binne, is no noch net bekend. De bussen ride de hiele jûn noch om elk ek wer thús te bringen. De lêste ritten binne fannacht om healwei trijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)