Plysje fynt ynbrekker op húske by bedriuw yn Ljouwert

23 jul 2016 - 14:25
  • Iepenbier húske

De plysje hat sneontemoarn in 39-jierrige man oanholden foar de ynbraak yn in bedriuw oan de Marshallwei yn Ljouwert. Om fiif oere hinne gie it ynbrekalarm ôf. De plysje seach dat der in rút fernield wie.

Mei in hûn waard it gebou trochsocht. De fertochte waard oantroffen op it húske. De plysje hat him meinaam nei it buro. Dêr wurdt er heard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)