"Rekôroantal dielnimmers oan Pieter Weening Classic"

In rekôroantal dielnimmers docht dit jier neffens de organisaasje mei oan de Pieter Weening Classic yn Surhústerfean. It totale oantal is noch net bekend, omdat der noch hieltyd fytsers begjinne oan de fytstocht.
De tocht wurdt sneon foar de alfde kear hâlden en dielnimmers kinne dizze edysje kieze út fiif ôfstannen: 25, 40, 60, 100 én, foar it earst, ek 150 kilometer. Pieter Weening docht dit jier sels ek mei. Hy fytst de 150 kilometer.
De measte fytsters begjinne harren tocht op it Torenplein yn Surhústerfean, mar dielnimmers fan de twa langste ôfstannen kinne ek yn Wolvegea úteinsette.