Ek Fryske brânwacht komt yn aksje foar behâld pensjoenregels

23 jul 2016 - 11:14

De beropsbrânwacht yn Fryslân komt yn aksje no't in oergongsregeling om earder mei pensjoen te gean net neffens de ôfspraken útfierd wurde kin. De brânwacht hâldt publyksaksjes sûnder dat it gewoane wurk yn gefaar komt.

Sa hinget der no in grut spandoek by de kazerne yn Ljouwert. It probleem sit him yn de útfiering fan in oergongsregeling dy't yn 2006 ôfpraat is. Doetiids is de mooglikheid skrast om mei pensjoen te gean as je 55 wurde.

Swier wurk

Minsken dy't al rjochten opboud hienen foelen ûnder in oergongsregeling, mar troch feroarings yn de AOW en de belestingregels falle dêr no gatten yn wêrtroch guon minsken driigje ûnder it bystânsnivo út te kommen.

It earder ophâlden mei wurkjen foar brânwachtminsken is ea ynsteld omdat it hiel swier wurk is.

Trefwurden: 
pensjoen brânwacht aksjes
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)