KH2018 set Fryslân del foar ynternasjonale toeristen

23 jul 2016 - 11:03

Fryslân krijt hieltiten mear omtinken fanút de ynternasjonale reiswrâld. Dat seit Hanita van der Schaaf dy't yn de organisaasje fan Ljouwert 2018 ferantwurdlik is foar it toerisme. Freed begûn in kameraploech fan it Italiaanske RAI 3 mei njoggen dagen oan opnamen foar in hiel goed besjoen reisprogramma.

De moarns wienen der fiif fertsjintwurdigers fan Japanske reisorganisaasjes ûnderweis en der hawwe ek parsereiskes west foar itselde slach minsken, mar dan út Dútslân. It is no al wis dat Fryslân yn in tal grutte Dútske reisgidsen stiet.

Yn de plannen foar Ljouwert as Kulturele Haadstêd stiet dat der sa'n 4 miljoen gasten komme kinne. Fansels wurdt besocht om ek yn 2019 Fryslân en Ljouwert as reisdoel yn 'e merk te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)