Slachtoffer ferset him tsjin helpferlieners nei ûngelok

23 jul 2016 - 09:26

In man dy't freedtejûn yn Twizelerheide mei de auto in botsing hân hie, is troch de plysje mei geweld út de auto helle. De auto wie bot skansearre, it rjochter achtertsjil wie ôfbrutsen, mar de man besocht dochs hieltyd om de auto te starten en fuort te riden.

It gie om in 32-jierrige man út De Westereen. Plysjes ha de man mei hânboeien om op in brankaar lein. Hy wie net ferwûne mar wol ûnder ynfloed fan drugs. Se ha him net nei it sikehûs brocht, mar nei it sellekompleks yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)