Kollum: "Oanklampe'

23 jul 2016 - 09:04

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"As je âlder wurde, komme je ris wat faker yn in krematoarium. Ik moat dus sa no en dan ek nei Goutum. Dat krige foar it oare fanwegen dat krematoarium de earenamme Stoke City. Wat in humor ha wy Friezen dochs. As ik dêr hinne moat, dan ryd ik nei Wergea en dan slach ik ôf nei de âlde dyk nei Ljouwert, de Wergeasterdyk, rjochting Goutum. It hat ek in skoftsje myn slûprûte west om't se dêr oan de súdkant fan Ljouwert no al tweintich jier mei fan alles oan it prutsen binne. Mar op it lêst dan waarden je tsjinhâlden troch de plysje. Nei it krematoarium mei noch wol. Dus fan de dyk ôf, de Wergeasterdyk op.

Dan moatte je op in stuit oer in brechje en dan geane je dus oer de Wurdumer Feart. Dy rint fan Wurdum troch Goutum, sels troch it Van Harinxmakanaal, Ljouwert yn. Dat sjocht net in mins mear. Foar harren is it gewoan in amer wetter. Yn de hoeke fan dyk en feart, dus by dat brechje, ryd ik aanst as ik nei dat krematoarium moat net mear krekt as no tusken de freonlike boskjes troch, mar troch in doarp. In nij doarp. De Klamp.

Al stiet der noch net in pealtsje yn ’e grûn, de Klamp is it 423e doarp fan Fryslân. We hiene altyd 419 doarpen, sa hat Peter Karstkarel teld. Doe waard Ezumasyl makke, dat opkrikte spultsje by Eastmahorn. Dat wie 420. Zuidlanden wie 421, Techum 422 en de Klamp wurdt dus 423. Moaie namme, fine jim ek net? In klamp is in ekstra latsje of houtsje dat je hjir of dêre op slagge om wat mear wissens te hawwen dat it allegear goed sitte bliuwt. En we wolle dochs net dat in wylde Wurdumer Feart aanst in doarpke fuortspielt. Dus fêstspikerje. De Klamp.

Ljouwert seit dat Goutum Súd, Techum en aanst ek de Klamp by de Zuidlanden heart. Mar de Klamp moat dochs justjes oars wurde. Dêrom kriget de Klamp de foarm en it oansjen fan Kimswert. Of Arum. Dat kin ek. Wêrom? No dat binne ek doarpen dy’t boud binne op in plak dêr’t in dyk oer de feart giet. Ja ik wit net wat jim dêr ornaris yn Ljouwert dogge, mar elts doarp yn Fryslân hat in dyk en in feart. Dêrfoar hoege je net nei de Klamp.

Miskien wol om't it op in echt doarp lykje sil, sizze se yn Ljouwert. Dêr jouwe se dus ta dat Techum en Goutum Súd fierstente sterile plakken binne. Dat moat oars. In ienfâldige foardoar, krekt as yn Techum, is ferbean. Der moat in tierelantijntsje by. Lykas in lampke boppe de doar. Of in wurkje yn de doar. Der mei net in foardoar gelyk wêze. Yn it mitselwurk moat ek wat ferskaat komme. Dat is yn elts doarp, útsein Techum en Goutum Súd, ek sa. Dus hjir en dêr moat der in oarskleurich stientsje tuskenyn mitsele wurde. Ferplicht. De bouwer die altyd neat oars as sa gau mooglik allegear gelikense huzen bouwe, dan krije de minsken gjin spul. Mar yn de Klamp moatte we spul ha, de bou moat boartlik wurde.

Safolle boartlikens dat der aanst inkeld mar roomske lju yn de Klamp komme te wenjen. Want der is mar ien skoalle pland, en dat is in roomske. Yn it midden fan dat wat se in buorskip neame, mar wat trije kear grutter is as de measte doarpen yn Fryslân en dêrom neame we it ek in doarp, yn dy kearn fan de Klamp moat in soartemint kroech komme. Nee, nee, net in echten, mear in paviljoentsje, dat tagelyk wykgebou boartet. En dy man fan it paviljoen soe ek noch moai kano’s ferhiere kinne.

Dus alles is al regele. De huzen fleane aanst fuort krekt as dy fan Techum diene. It is frjemd dat yn Fryslân yn de échte doarpen gjin minsken mear komme. En dat se hjir by Ljouwert al begjinne kinne yn wûnderjier 2018 mei it bouwen fan de Klamp. Alles is al regele. Sels de strjitnammen. Frysktalich. Greidefûgels. We wenje op Hoanskrobber 17 yn de Klamp. Moai. It kloppet ek noch. Want de skriezen dy’t dêr eartiids sieten, binne al fuort. Mar dat hat dy hoanskrobber net dien."

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)