Waarm waar en kriminaliteit: in bekende komby

22 jul 2016 - 21:39
  • Ynbraak

It hat al faak bliken dien út ûndersyk: mei waarm waar binne der mear delikten. Mar oft dat wol direkt mei de hege temperatueren te meitsjen hat, is mar de fraach.

Neffens advokaat Bart Canoy fertoane minsken mei simmersk waar gewoanwei oar gedrach wêrtroch't de ferlieding om yn de fout te gean grutter wurdt. Tink bygelyks oan dronken feestgongers op de Snitswike dy't earder rotsoai skoppe. Of ynbrekkers dy't simmers harren kâns skjin sjogge omdat minsken op fakânsje binne of ruten en doarren iepensette.

Ut ûndersyk docht trouwens ek bliken dat it wer net té hyt wêze moat, dan binne sels kriminelen te lamliddich om yn aksje te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)