Lykspul foar Cambuur tsjin it Turkske Altinordu: 0-0

Sportklup Cambuur hat freedtemiddei mei 0-0 lyk spile yn de oefenwedstriid tsjin Altinordu út Turkije. Cambuur spile it grutste part fan de wedstriid mei in man mear. De spiler Türkdogan fan Altinordu krige yn de 31e minút syn twadde giele kaart. Yn de twadde helte kopte Sander van de Streek op de latte en Martijn Barto op de peal foar Cambuur. Mar skoard waard der net.
Nije oanwinst Michiel Hemmen wie noch net fan de partij. Earder freed waard bekend dat Hemmen weromkomt by Cambuur. As er troch de medyske keuring komt, tekenet er in kontrakt foar ien jier.