Drama-etappe foar Mollema: werom nei tsiende plak

22 jul 2016 - 18:02

Bauke Mollema is syn twadde plak yn it klassemint fan de Tour de France kwyt. De hurdfytser foel flak foar de slotklim en slagge der dêrnei net yn om wer oansluting te krijen by syn konkurrinten. Hy einige fjouwer minuten efter etappewinner Romain Bardet.

Mollema stiet no op it tsiende plak yn it klassemint. Dat wurdt noch hieltyd oanfierd troch Chris Froome. Ek dy foel flak foar de ôfslutende klim, mar wist wol werom te kommen.

'Ik heb het verneukt', sei Mollema nei ôfrin fan syn dramatyske etappe. 'Ik stond er prima voor. Eén snelle bocht en ik glij weg. Ik verspeel hier het klassement.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)