CDA wol opheldering oer 130-kilometerdiken

Ferkearsboerd mei 130km/u © ANP
It CDA yn de Fryske steaten wol opheldering fan de provinsje oer resinte sifers oer ûngelokken op de 130-kilometerdiken yn Fryslân. Ut dy sifers docht bliken dat it tal ûngelokken flink omheech gien is, fan fjouwer nei 44. Ek binne de ûngelokken earnstiger. It tal ûngelokken mei deadlike ôfrin is stiigd fan ien nei fjouwer.
It CDA wol no witte oft de hegere sifers te krijen hawwe mei it tanimmen fan it tal stikken dyk yn Fryslân dêr't 130 op riden wurde mei, of dat it komt omdat ûngelokken better registrearre wurde as foarhinne.
It CDA wiist der op dat út oare sifers bliken docht dat 130-kilometerdiken net as ûnfeiliger ûnderfûn wurde troch de brûkers.