Hângranaat fûn yn Ljouwerter tún

22 jul 2016 - 14:27

Yn de tún fan in hûs oan de Dronrypsterstrjitte yn Ljouwert is freedtemiddei in hângranaat fûn. De granaat is nei boppe kaam by graafwurk yn de tún. De plysje hat de strjitte diels ôfsetten en de Explosieven Opruimingsdienst (EOD) ynskeakele. Dy ha it eksplosyf meinommen foar ûndersyk en op in ôfskerme plak op it Newtonpark ta ûntploffing brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)