Rjochter: partijen Caparis moatte yn petear

De ûndernimmingsried fan sosjale wurkfoarsjenning Caparis, de direksje en it managementteam moatte mei inoar yn petear. Dat hat de rjochter bepaald. Doel is om te praten oer wat der allegear bard is en hoe't Caparis fierder moat. It is de útkomst fan in koart pleit dat de ûndernimmingsried oanspand hie. De ried woe by de rjochtbank ôftwinge dat se advys jaan mochten oer de beneaming fan ynterim-direkteur Peter Lincklaen Arriëns. Dy is troch de ried fan kommissarissen oansteld nei in siikmelding fan de algemien direkteur Ben Gerrits.
De ûndernimmingsried fynt dat ûnrjochtmjittich en easket advysrjocht by de beneaming. Neffens de ried fan kommissarissen giet it lykwols om in saakwaarnimmer dy't der oant ein septimber sit. Advys fan de ûndernimmingsried is dan net nedich, sa fynt de ried fan kommissarissen. De rjochter trunet der by de beide partijen op oan de striidbile te begraven. Allinnich goed oerlis kin de rêst jaan dêr't alle partijen ferlet fan ha, sa sei de rjochter.
Utspraak
It is net hielendal wis oft it petear trochgiet. Der moat noch oerlein wurde mei de sittende direksje. Mochten de partijen der net útkomme, dan docht de rjochter op 10 augustus útspraak yn it koart pleit.