Daamwand foar berging fleantúchwrak leit yn de Iselmar

22 jul 2016 - 12:45

Yn de Iselmar is in daamwand fan sa'n 15 by 30 meter oanlein foar it drûchlizzen fan in part fan de mar. Dat is nedich om by it fleantúchwrak út de Twadde Wrâldoarloch komme te kinnen. Dat wrak leit op sa'n 15 kilometer fan De Lemmer op de boaiem fan de mar. It wrak wurdt omheech helle mei in bysûndere proseduere. Nei it drûchlizzen wurde foarsichtich fleantúchresten, eksplosiven en stoflike omskotten fan de bemanning omheech helle.

It wetter tusken de daamwanden yn wurdt fan 22 augustus ôf fuortpompt. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)