Fertochten fan himphannel sitte langer fêst

© Plysje
De twa Drachtsters fan 45 en 54 jier en de 48-jierrige man út Assen, dy't earder dizze wike oanhâlden binne yn it ûndersyk nei himphannel, bliuwe noch fjirtjin dagen fêstsitten. De manlju wurde fertocht fan drugshannel en wytwaskjen. In 50-jierrige frou út Assen is foarearst wol frijlitten. De plysje die dizze wike ynfallen op alve lokaasjes yn Fryslân, Grinslân en Drinte.
Tûzenen himpplanten
Der waarden trije grutte himpkwekerijen oprôle, wêrûnder ien yn Ljouwert en ien op 'e Gordyk. Der waarden tûzenen himpplanten fûn en trije fjoerwapens, trije auto's en in frachtwein yn beslach naam. Fierder waard beslach lein op jild en antyk.