Frou berôve op It Hearrenfean

22 jul 2016 - 12:15

In 23-jierrige frou fan It Hearrenfean is tongersdeitenacht ûnder bedriging fan in mes fan har tas berôve. De strjitrôf wie op de Oude Veenscheiding, by it brechje by de Muntflats. Yn de tas siet ûnder oare in Acer-laptop.

De dieder naaide út yn de rjochting fan de parkearplakken by de flat. De man droech donkere klean en in bivakmûtse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)