Michiel Hemmen komt werom nei SC Cambuur

22 jul 2016 - 11:00

Fuotballer Michiel Hemmen komt fan Excelsior werom nei SC Cambuur. Cambuur socht noch in oanfaller en hat dy fûn yn de 29-jierrige fuotballer. Hemmen spile earder trije seizoenen foar Cambuur en skoarde doe 27 kear. Mei troch him waard Cambuur kampioen fan de Jupiler League en promovearre nei de earedifyzje. Yn 2015 gie Hemmen nei it Sweedske BK Häcken. Dêrnei gie hy nei Excelsior, mar dêr stie er net yn de basis.

De spits hat no foar ien seizoen tekene. Hemmen sels is bliid om werom te wêzen by Cambuur. Yn in earste reaksje seit Hemmen opnij kampioen wurde te wollen. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)