Caparis: koart pleit tusken ûndernimmingsried en rfk

22 jul 2016 - 10:31
  • It filiaal fan Caparis yn Ljouwert

De ûndernimmingsried fan sosjale wurkfoarsjenning Caparis en de ried fan kommissarissen fan it bedriuw stean freed yn de rjochtbank. Ynset: advys fan de ûr by de beneaming fan ynterim-direkteur Peter Lincklaen Arriëns. De ried fan kommissarissen hat dizze direkteur op eigen manneboet oansteld nei sykte fan de algemien direkteur Ben Gerrits. De ûndernimmingsried fynt dat ûnrjochtmjittich en hat in koart pleit oanspand. Se easkje advysrjocht by de beneaming.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma is by it koart pleit: 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)