Kollum: ''Bloeme''

22 jul 2016 - 08:35
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.

''Guon petearen ferjitte je net. Troch de partner. De sfear. De lokaasje. Of dat allegearre tagelyk. Dat hie ik mei Bloeme Evers. Ik mocht har in pear jier lyn ynterviewe foar deiblêd Trouw. Ik wie by har thús yn Amsterdam, yn har ienfâldige húske.

Bloeme Evers wie psycholooch en in Joadse feministe. En mem fan seis bern, fan ûnder oaren de bekende rabby Evers. Se oerlibbe it kamp Auschwitz. Derfoar siet se mei Anne Frank yn kamp Westerbork. Se wie doe al hielendal allinnich, har heit en mem en lytse suske wienen yn Sobibor fermoarde

Doe't ik by har thús wie, wie se 85 jier âld en noch sa aktyf as wat. Har autobiografy wie krekt út. Skreaun doe't se dus al yn de tachtich wie. Earder koe se net prate oer de inketswarte tiid fan de oarloch. Se woe it har bern net oandwaan, de ferskrikkingen, al seagen dy it nûmer op har earm wol.

Ik mocht yn har wurkkeammerke sjen. Ik seach har typmasine stean, der stuts in brief út. Want op dat stuit siet se noch yn fjouwer bestjoeren, joech les oer it joadedom en skreau kollums.

Ja, oer-aktyf, neamde se harsels doe't ik har besocht. Mar dat hie in reden. It wie in oerlibbingstechnyk yn de Twadde Wrâldoarloch. Stilsitte koe je dea wurde. Minsken dy't stil sieten yn it kamp wienen siik bygelyks. Je moasten aktyf bliuwe.

We sieten yn har foartúntsje. It wie hiel moai maitiidswaar. Se hie tee set en neamde harsels 'tea-addict'. Wat se fertelde makke yndruk. Sa ferjit ik net mear dat se fertelde dat se noch altyd kâld dûste. In oerbliuwsel fan de oarloch. Undertusken hearde ik fûgeltsjes fluitsjen. It wie maaie.

Mar wat hielendal in protte yndruk makke, wie it ferhaal dat doe't se einlik befrijd wie troch de Russen, mar sjen moast hoe't se thúskomme moast en net ien op har siet te wachtsjen. Se rûn sawat nei hûs. Oernachtsjend yn hea fan in boer. Oppasse foar gespús. Doe't se einlik yn Nederlân oankaam, wie se noch mar santjin jier. Se wie net allinnich har heit en mem en suske Fia kwyt, se wachte ek in kâlde dûs fan de Nederlanners.

Se krige as kampoerlibbene in ryksdaalder en moast it fierder mar útsykje. Joaden moasten net seure, fûnen se yn Nederlân, ek al kamen se sa út in konsintraasjekamp rûn. Wisten se wol wat se allegearre trochstean moasten yn de besetting? Se hienen it drok mei harren eigen leed, of in stellen fyts. It wie ek antysemitysker wurden. "De bêste joaden binne omkaam, de minsten komme wer werom", hearde se.

Moast neigean, Bloeme Evers hie neat mei it joadedom doe't se noch gewoan fredich yn Amsterdam wenne mei har heit en mem en suske. Se dienen der wol wat oan, mar dat wie dan in kearske oanstekke op de Sabbat, of sokssawat. De measte joaden, dy't allegearre oppakt waarden, wienen ek net religieus, krekt as Bloeme. Net dat it moardners wat útmakket.

Dizze powerfrou, fan mar trije turven heech, ferstoar dizze wike. Sy wie mar in gewoan Nederlânsk puberfamke, dy't alles samar kwytrekke en flechtling waard en opnij in bestean opbouwe moast, yn Nederlân. Sa goed as it koe. Ik hoopje dat we altyd leare en ynspirearre wurde fan de ferhalen, de libbenslust en it ferstân fan minsken as Bloeme.''  

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)