Fermiste Ljouwerter op bleate fuotten fuortset
De plysje is op syk nei de 45-jierrige Raymond Aelber, dy't sûnt tongersdei fermist wurdt. De man wennet yn Ljouwert, mar waard foar it lêst sjoen yn in fakânsjehûs yn Lelystêd. Hy hat dat op bleate fuotten en yn koarte broek en t-shirt ferlitten. Wa't mear wit oer it plak dêr't Raymond Aelber no is wurdt frege de plysje te beljen. Dat kin op nûmer 0800-6070.