Keatspartij set nei argewaasje in oere letter útein

It haadklasse keatsen yn Huzum begjint snein net om tsien oere, mar in oere letter. Dat is de útkomst fan oerlis tusken de KNKB, de organisearjende keatsferiening en keatsers. Dy lêsten hiene beswier oantekene tsjin it eardere begjintiidstip. Ek koene se har net fine yn it om en om spyljen fan partijen troch manlju en froulju. Dat lêste wurdt net feroare. De organisearjende keatsferiening hie de opset fan de wedstryd earder al oerlein mei it keatsbûn, mar dat hie fergetten it troch te jaan oan de keatsers.