Dea hout moat wetterrjochting It Alddjip feroarje

Wetterskip Fryslân wol mei deade beammen en tûken de streaming fan it beekje It Alddjip beynfloedzje. As proef wurdt fan tongersdei ôf dea hout yn it beekje lein. Dat moat foar wikselingen yn de streaming soargje. Ek sil der troch it deade hout mear iten wêze foar de bisten en fisken dy't yn it wetter libje. Mocht de proef yn It Alddjip slagje, dan sil der mooglik ek yn oare streamende wetters yn Fryslân dea hout lein wurde. Neist it wetterskip wurkje ek Staatsbosbeheer en de provinsje oan de proef mei.