250.000 euro stellen: oardel jier sel

21 jul 2016 - 17:51

In ynwenner fan Drachten moat oardel jier de sel yn foar oplichting. De 48-jierrige man opereare as finansjeel deskundige en koe mei moaie ferhalen tusken 2008 en 2015 jild losmeitsje fan ynwenners fan Makkum, Bûtenpost, Koudum en in tal plakken yn Drinte. It giet yn totaal om 250.000 euro. Dat jild soe er ynvestearje yn in bedriuw of der in geunstige sparregeling mei begjinne. Ek advisearre er minsken oandielen om te setten yn obligaasjes. Dêrby brûkte er ek briefpapier fan in hypoteekbedriuw dêr't er earder by wurke.

Doe't de ynwenner fan Makkum syn jild werom hawwe woe, kaam oan it ljocht dat de man in oplichter wie. Hy wie mei it jild ferdwûn. Dat hie grutte finansjele gefolgen foar in tal fan de slachtoffers. De Drachtster mei, njonken syn finzenisstraf, ek fiif jier lang gjin finansjele funksje útoefenje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)