"Westerske krityk op Turkije is hypokryt"

De Westerske krityk op de maatregels fan de Turkse presidint Erdogan is hypokryt. Der wurdt te folle mei in Westerske bril nei de Turkse problematyk sjoen. Dat sei de Turks-Fryske ûndernimmer Fahri Mintes, dy't in hotel by Bodrum hat, tongersdei yn Weistra op Wei. Mintes is it net iens mei it ferwyt dat Turken yn Nederlân net goed yntegreard binne, no't de ûnrêst yn Turkije oerslacht nei Nederlân. Neffens Mintes is earder sprake fan in ''verzuiling'' ûnder de Turken yn Nederlân.
Dat soe komme om't in soad Turken net it idee hawwe dat se goed opnaam wurde yn de Nederlânske mienskip.