Nachtmerjefakânsje foar man út Aldeberkeap

22 jul 2016 - 06:00
  • Jan Bijker is wer thús yn Fryslân

In nachtmerjefakânsje foar Jan Bijker fan Aldeberkeap. Hy is ferline wike yn Hongarije berôve fan mar leafst 18.000 euro oan sieraden. De 65-jierige man waard yn de stêd Békéscaba, tsjin de grins mei Roemenië, troch in man en twa froulju bedwelme en mishannele doe't er jûns allinnich de stêd yn gie. Hy bedarre yn in koma yn it sikehûs en rekke njonken syn sieraden ek syn beurs mei al syn jild kwyt. Mei liend jild is er úteinliks weromkaam nei Nederlân. It wie foar Bijker de earste kear yn syn libben dat er yn it bûtenlân op fakânsje wie.

Bijker fertelt dat er út fatsoen mei de man en de froulju meigien wie en dat se him drinken oanbiede woene. "Ik zei nog nee ik drink helemaal niet, maar daarna zetten ze allemaal van die rotzooi op tafel. Uit fatsoen heb ik toen wel wat gedronken," sa fertelt Bijker. Nei it drinken fan it drankje kin Bijker him lykwols net in protte mear herinnerje "Ik wist niets over hoe ik uit het huis ben gekomen, en hoe ik in het ziekenhuis ben beland, aan de hartbewaking. Maar na de ziekenhuisopname mocht ik gelukkig naar huis toe." Hy seit dat er bot oandien is troch it barren, en dat er no oan de medisinen is om mei de pine yn syn liif om te gean. "Ik heb heel veel meegemaakt."

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)