Fryske buorlju hawwe faak goeie relaasje

21 jul 2016 - 16:49

Fryslân heart by de provinsjes mei de minste meldings oer rûzjes tusken buorlju. Dat docht bliken út in ûndersyk fan in tal fersekeringsmaatskippijen ûnder 2100 Nederlanners. Yn Fryslân waarden yn it twadde fearnsjier fan dit jier op syn meast 25 meldingen dien, krekt as yn bygelyks Drinte en Seelân. De measte rûzjes tusken buorlju binne yn Súd-Hollân, dêr kamen mear as 75 meldingen yn ien fearnsjier. De measte rûzjes wurde feroarsake troch te lûde muzyk, troch bern of troch ferbouwings.

Trefwurden: 
ûndersyk buorlju
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)