Fryske boargemaster om utens yn rjochtsaak tsjin Flevolân

21 jul 2016 - 16:46

Boargemaster Aucke van der Werff fan de Noardeastpolder hat de provinsje Flevolân foar de rjochter sleept. De Fries om utens, Van der Werff is berne yn Skettens, wie wethâlder fan de gemeente Wymbritseradiel en boargemaster fan It Bilt, striidt foar it oanlisplak fan syn boatsje achter syn hûs. De provinsje wol it oanlizzen fan boatsjes fanwege de feiligens keare. Neffens Van der Werff hat hy in fergunning foar it oanlizzen fan syn boat. Hy wol fia de rjochter ôftwinge dat hy en syn buorlju harren boat lizze litte kinne.

Neffens Van der Werff hat de provinsje neat mei syn beswieren dien en krige hy gjin antwurd op e-mails. Dat hy boargemaster is, wurket tsjin him, sa seit hy yn Binnenlands Bestuur. Sa soe de rjochter sein hawwe dat dy wol begrypt dat de provinsje gjin útsûndering foar in boargemaster meitsje wol, om't dat ek wer ferkeard útlein wurde kin. De rjochter docht kommende tiisdei útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)