Wurkstraf foar ûngelok nei te krappe bocht

21 jul 2016 - 16:24
  • Justysje

In ynwenner fan Blije hat fan de rjochter in wurkstraf fan 40 oeren oplein krigen, fanwege it feroarsaakjen fan in ûngelok. De 37-jierrige man ried yn juny ferline jier yn Kollum in famke op in fyts oan, omdat er in bocht te krap naam. Neffens de rjochtbank is de man te ferwiten dat er de holle der net by hie, en stiet dêr in wurkstraf op. Tsjin de man wie earder in boete fan 1000 euro easke. De rjochtbank hat der by de strafmaat rekken mei hâlden dat de man nei it ûngelok it famke opsocht hat en har syn ekskuzen oanbean hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)