Help út it bûtenlân moat Friezen oan it dûnsjen krije

21 jul 2016 - 15:21
  • Dûnsers oan it wurk yn Neushoorn
  • Dûnsers binne klear foar harren les

Dûnsers út Fryslân, Spanje, Skotlân en Dútslân dûnsje de hiele wike yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert om ûnderfining út te wikseljen. Doel fan it projekt is om mear Friezen oan it dûnsjen te krijen. Lykas âlderein, minsken mei in beheining of minsken dy't tinke dat se net dûnsje kinne. Let's Dance is in saneamd 'community dûns projekt'. Mei dizze wize fan wurkjen is noch net in soad ûnderfining yn Fryslân, mar de ynternasjonale útwikseling moat hjir feroaring yn bringe. It selskip giet kommende tiid noch nei Bremen, Glasgow en nei Granada.

Mei de nije ûnderfining en kunde wurdt yn Fryslân fan de hjerst ôf wurke oan in foarstelling dêr't fyftich-plussers oan meiwurkje. Der hawwe har al genôch froulju oanmelden, foar mannen dy't graach dûnsje wolle is noch plak. Der wurdt tawurke nei in foarstelling yn skouboarch de Harmonie yn Ljouwert yn 2017.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)