Snitser moat de sel yn nei searje ynbraken

21 jul 2016 - 14:34

In 34-jierrige Snitser moat in jier de sel yn, omdat er yn febrewaris in tal kearen ynbrutsen hat. De man die dat mei in ankelbân om, fanwege in eardere feroardieling. Om foar te kommen dat it alarm yn de bân ôfgean soe, bruts de man yn de buert fan syn hûs yn. By ien fan de ynbraken rekke de man lykwols ferwûne en mei DNA út syn bloed koe er efterhelle wurde. Omdat de man yn syn proeftiid yn 'e fout gie, moat er ek noch in selstraf fan acht moannen útsitte.

As warskôging hat de man in selstraf fan in jier ûnder betingst oplein krigen. Ien fan syn buorlju moat er 350 euro betelje, as skeafergoeding foar de ravaazje dy't er yn har hûs oanrjochte.

Trefwurden: 
sel plysje ankelbân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)